No ek buertauto yn Snits

11 nov 2011 - 19:30
Buurtauto - Foto: Wheels4all

Nei Boalsert hat ek Snits eigen buertauto's. It giet om auto's dy't je tsjin in fergoeding brûke kinne. De organisaasje hopet dat minsken har eigen auto oan de kant dogge. Sa is der minder parkearromte nedich. Boppedat binne de buertauto's relatyf skjin.

Om de auto te brûken moat ien wol lid wurde, foar 10 euro yn de moanne. Dêrnei moat foar eltse kilometer noch betelle wurde. Yn Boalsert binne al meardere buertauto's yn gebrûk. De winsk fan de organisaasje Wheels4all is dat der skielk yn eltse wyk in eigen dielauto komt.

Trefwurden: 
duorsum buertauto wheels4all
(Advertinsje)
(Advertinsje)