Wurkstraf foar Dokkumer (23) dy't syn maat tsjin 'e holle skopte

09 sep 2019 - 15:45

In 23-jierrige Dokkumer moat 120 oeren ferplichte oan it wurk, om't er ôfrûne Keningsnacht in jonge tsjin 'e holle oan skopt hat. Dat barde by fjochterij tusken twa groepen op de Markt yn Dokkum.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De fertochte hie in pear klappen krigen en skopte doe hurd nei in jonge dy't op 'e grûn lei. Dat blykte syn maat te wêzen, dy't troch it geweld út de tiid rekke en nei it sikehûs moast. Filmkes fan de fjochtpartij waarden letter troch omstanners op ynternet set.

Wer freonen

De Dokkumer hie spyt fan syn dieden en fertelde yn de rjochtbank dat de twa yntusken wer freonskiplik mei-inoar omgean. Om't hy in blanko strafblêd hie en berou toande, lei de rjochter moandeitemiddei in wurkstraf op.

(advertinsje)
(advertinsje)