Hoe krije wy de Waadsee frij fan plestik?

09 sep 2019 - 15:38

De Waadsee moat hielendal frij fan plestik wurde. Dat is it doel fan de Community Plasticvrije Waddenzee. De groep bestiet út gewoane minsken, bedriuwen, oerheden, natuerbehearders en oare organisaasjes, ûnder oanfiering fan Rykswettersteat.

Foto: ANP

It doel is om partijen en persoanen mei-inoar te ferbinen om fersmoarging fan de Waadsee tsjin te gean. De groep is yn jannewaris begûn en hat in plan fan oanpak mei fiif spearpunten makke. Sa wurket de groep oan in manier om himmelaksjes goed te koördinearjen. Dat moat dan barre mei help fan ynternet.

Plestik bekers

Der komt ek in list foar hoareka-ûndernimmers mei alternativen foar bygelyks plestik bekers. Dêr hawwe se op it festival Into the Great Wide Open op Flylân al ûnderfining mei opdien en dy kennis wolle se brûke foar de hoareka, seit Floris van Benthum fan Community Plasticvrije Waddenzee. .

Fytsbannen as alternatyf

Fierders is de groep op syk nei alternativen foar de plestik triedsjes dy't ûnderoan fisknetten hingje om slitaazje fan de netten op de seeboaium tsjin te gean. As dy triedsjes ôfslite, bliuwe de plestikdieltsjes yn de Waadsee achter. Der is ûndersyk dien nei miljeufreonlikere alternativen en dêr docht út bliken dan fytsbannen in opsje binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)