LTO Noard: "Foarstel D66 foar ynkrimping feesteapel is bizar"

09 sep 2019 - 15:06

It foarstel fan Twadde-Keamerlid Tjeerd de Groot fan D66, om it tal hinnen en bargen by Nederlânske boeren mei de helte te ferminderjen, is bizar. Dat fynt boere-organisaasje LTO Noard.

Hinnen - Foto: Shutterstock.com

De regearingspartij wol mei dy maatregel de útstjit fan stikstof ferleegje en sa romte meitsje foar wenningbou. Yn it plan is gjin romte mear foar fyftich miljoen hinnen en seis miljoen bargen.

"Het Kamerlid stelt dat dit nodig zou zijn om uit de juridische stikstofimpasse te komen. Deze uitspraak is feitelijk onjuist en doet geen recht aan de complexiteit van de materie", sa lit LTO Noard witte.

Sektor docht al in soad

Neffens de organisaasje docht de sektor al in hiel soad oan fierdere ferduorsuming en fertsjinnet dy earder in komplimint as it mei de helte ferminderjen fan it tal bisten. "Het komt hard aan bij boerenfamilies als een volksvertegenwoordiger zegt dat de helft van hen geen bestaansrecht meer heeft."

Te absurd foar wurden

Wy skrikke hjir hiel bot fan, seit Trienke Elshof fan LTO Noard. Halvearring fan de feesteapel is fierste maklik redenearre. "It is te absurd foar wurden wat hjir sein wurdt."

Sifers doge net

De redenaasje doocht ek nochris in kear net. Neffens D66-Keamerlid De Groot komt 70 persint fan de Nederlânske útstjit fan stikstof út de lânbou, en in grut part út de yntinsive feehâlderij. En dat wylst dy sektor noch gjin persint bydraacht oan de Nederlânske ekonomy. Dat doocht net, seit Elshof: "Ferline wike hat de minister yn de Keamer noch sein dat de lânbou foar 45 prosint ferantwurdlik is foar de útstjit fan stikstof. Ik wit net wêr't hy dat oare persintaazje weihellet". En de lânbou mei dan mar foar minder as in prosint bydrage oan de ekonomy, dan wurde de bedriuwen deromhinne bûten beskôging litten. Dy drage ek by oan it bruto nasjonaal produkt. Spitich dat wy op dizze manier de diskusje fiere moatte, seit Elshof.

Ekologysk en ekonomysk

De LTO hat in breed plan fan redusearjende stikstofmaatregels makke, bygelyks mei aaiwytearm foer en kringlooplânbou "Mar, al hellest de hiele Nederlânske feesteapel fuort, dan foldogge wy noch net oan de nije stikstofnoarmen", seit Elshof. De LTO wol in goede ynhâldlike diskusje om hjir op ekologysk en ekonomysk goede wize út te kommen. Der komt earst in petear mei de kommisje-Remkes en dêrnei mei Keamerleden. De LTO sjocht mear heil yn in oanpak dy't fan it gebiet ôfhinget.

Trienke Elshof: Wy skrikke hjirfan

(Advertinsje)
(Advertinsje)