Plan foar soarchwenten yn doarpshûs Skearnegoutum fan de baan

09 sep 2019 - 14:22

It plan foar soarchwenten yn it eardere doarpshûs Elim yn Skearnegoutum is fan de baan. Soarchynstelling Patyna hat har weromlutsen, om't der neffens harren net genôch draachflak foar it plan is yn it doarp. Doarpsbelang Skearnegoutum is min te sprekken oer dy útlis fan Patyna. Op de doarpswebside skriuwe se dat der tsientallen minsken nei de lêste ynformaasjegearkomste kamen.

Skearnegoutum - Foto: Carolien Dijkstra

Wol kamen der op dizze ynformaasjegearkomste beswieren fan omwenners, ûnder oaren oer de parkearproblemen yn it sintrum fan it doarp. No't Patyna net fierder wol, hat doarpsbelang de hoop fêstige op de mooglike komst fan in nij soarchsintrum yn it doarpshûs. Dêr soene dan ûnder oaren de húsdokters in plakje krije moatte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)