Museum Belvédère kriget skinking: 'Leeg Landschap' fan Jaap Min

Stichting Jaap Min skinkt in skilderij oan Museum Belvédère yn Oranjewâld. Op it stuit is in tentoanstelling fan it wurk fan Min te sjen yn it museum. De stichting is wiis mei de belangstelling en skinkt dêrom in wurk fan Min oan it museum. It giet om 'Leeg landschap, in skilderij fan oljefarve op doek út 1987 fan 80 by 100 sintimeter.
'Leeg landschap' fan Jaap Min © Museum Belvédère
Direkteur-konservator Han Steenbruggen fan Museum Belvédère is bliid mei de skinking. "Het is een geweldig schilderij van een waarachtig kunstenaar. Het is een aanwinst voor de collectie: Ik zie dit doek in veel opzichten als de eindbestemming van Min. Het is de apotheose van een schildersleven lang zoeken naar de diepere betekenis van aardse zaken." It skilderij wurdt oan Museum Belvédère oerlange troch Rik en Annet Min, de bern fan Jaap Min.
Min begûn te skilderjen ûnder ynfloed fan it ekspresjonisme yn Bergen (NH). Hy ûntwikkele him letter yn in mear persoanlike rjochting. Min leit in opfallende mankelikens yn it Noard-Hollânske lânskip, dat er skildere yn swiere toanen. It lânskip is it haadtema fan Min, mar hy skilderde ek kopkes, stillibbens en religieus wurk.
De eksposysje mei it wurk fan de ekspresjonist Jaap Min (1914-1987) is noch oant 22 septimber te sjen.