Stille tocht Skier tsjin gaswinning en boartuorren

09 sep 2019 - 13:31

Skiermûntseach wurdt omsingele troch boarplatfoarmen en gaswinning en dat moat net. Dat fynt de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog, dy't dêrom tiisdei in stille tocht organisearret. It protest fynt plak foardat de eilanners bypraat wurde troch gasprodusint ONE-Dyas, dy't yn de takomst nije boarrings útfiere wol.

In earder protest fan de wurkgroep Horizion Schiermonnikoog - Foto: Werkgroep Horizion Schiermonnikoog

Tom Verheul fan de wurkgroep neamt de gasboarlokaasje allegearre op. Op It Amelân stiet in boarplatfoarm fan de NAM, dêr't se de produksje opfiere wolle. Dan is der in NAM-gaswinput by Ternaard en binne der plannen foar Ulrum. En no wol ONE-Dyas ek noch boarje by Boarkum yn de Borkumse Stenen. Dêr binne al proefboarringen dien. It bedriuw wol dêr yn 2022 in platfoarm delsette en 25 jier lang gas winne yn ferskate fjilden, ek yn Dútske boaium.

Kreamkeamer fan it seelibben

ONE-Dyas sit op skema kwa planning en jild, seit Verheul. No is it safier dat de befolking ynljochte wurdt. Dútslân sels hat gaswinning yn it gebiet fan de Borkumse Stenen ferbean, omdat dat de kreamkeamer is fan it seelibben. Ut in rapport fan de Universiteit fan Wageningen, dat op fersyk fan it ministearje fan Ekonomyske Saken makke is, docht ek al bliken dat it gebiet in hege natuerwearde hat. Mar neffens Verheul jout dat net folle, want mei it ôfbouwen fan de gaswinning yn Grinslân set it ryk yn op in rappere winning út lytse gasfjilden,

Yn optocht troch it doarp

Om harren miening krêft by te setten sille de aksjefierders tiisdeitemiddei om healwei twaën buorden mei it logo yn de grûn plantsje en dêrnei yn optocht troch it doarp gean . Dêrnei gean se nei it gebou dêr't de minsken fan ONE-Dyas sitte om de Skiermûntseagers by te praten oer de foarnommen gaswinning. De hope is dat dit protest like suksesfol is as dat tjin de plannen fan Engie. Dy plannen giene úteinlik net troch omdat der wjeraksel wie yn de Twadde Keamer, dy't der úteinlik oer giet.

Tom Verheul fan de wurkgroep Horizon Schiermonnikoog

(Advertinsje)
(Advertinsje)