Skylger hoareka makket der sels in gesellich wykein fan yn 'Eilân-festivalsfear'

09 sep 2019 - 12:19

Ek al giet it festival Eilân op Skylge dit wykein net troch: besikers dy't in kaartsje hawwe, binne fan herte wolkom op Skylge. Dat seit VVV-direkteur Michel Aaldering. "We willen er voor zorgen dat de horeca inspelen op de sfeer en de stijl van Eilân, zodat mensen daar terecht kunnen. Terschelling heeft ook zonder festival genoeg te bieden."

Foto: ANP Foto

Sneon naam de organisaasje fan Eilân definityf it beslút om it festival net trochgean te litten. De organisatoaren hiene gjin oare kar, nei't de rjochter it festival ferbean hie. Alle 5500 besikers dy't al in kaartsje kocht hiene, kinne harren jild werom krije. Dat betsjut lykwols net dat dizze minsken net mear nei Skylge komme, ferwachtet VVV-direkteur Michel Aaldering. "Het aantal afmeldingen valt heel erg mee. Naar schatting komen er zo'n 2000 mensen naar het eiland."

Oanpaste programmearing

Dizze minsken wurde traktearre op in wykein fol mei muzyk yn festivalsfear. Aaldering: "We hebben de horeca gevraagd om hun programmering aan te passen en te zorgen dat ze de muziek draaien die anders op het festival zou worden gedraaid. Het is kort dag, maar bar dancing WYB, danscafé De Stoep en De Bras komen met een aangepaste programmering. En we zijn nog aan het kijken wie er nog meer mee willen doen."

Imagoskea

It ôfsizzen fan it festival hat neffens Aaldering gjin negative gefolgen foar it imago fan Skylge as festivaleilân. "Helaas zijn wij het eerste festival dat te maken krijgt met de gevolgen van de nieuwe stikstofwetgeving. Maar het is nu vooral onze taak om de mensen die wel komen een leuke tijd te geven."

Oare festivals

It beslút fan de rjochter soarget lykwols wol foar de nedige fraachtekens efter oare festivals op it eilân. Aaldering: "We moeten nu met elkaar kijken hoe we kunnen voorkomen dat deze wet- en regelgeving onze bestaande evenementen in de weg kan zitten. Een enkeling kan nu een festival tegenhouden. Maar tot op heden zijn de festivals nog nooit een probleem geweest. We gaan er met z'n allen voor zorgen dat het ook geen probleem wordt."

Trefwurden: 
Skylge eilân
(advertinsje)
(advertinsje)