Plysje fisket stellen brommers út de sleat

09 sep 2019 - 11:21

Twa eigeners fan brommers dy't ferline wike stellen waarden, hawwe harren ferfiermiddel weromkrigen fan de plysje. De beide brommers waarden fûn yn in sleat oan de Melkemastate yn Ljouwert.

Foto: ANP Foto

Ut ûndersyk hat bliken dien dat beide brommers stellen binne. De plysje hat derfoar soarge dat de eigeners se wer werom krigen ha.

(advertinsje)
(advertinsje)