Skealike paraffine oanspield op de strannen fan It Amelân en Skylge

09 sep 2019 - 10:46

Op de strannen fan Skylge en It Amelân spielt sûnt sneintemiddei paraffine oan. It mingsel, dat ûnder mear brûkt wurdt foar it meitsjen fan kearzen, lost net op yn wetter en is skealik foar fûgels en oare seebisten.

Foto: ANP

Wêr't de paraffine krekt weikomt is net bekend. Skippen dy't it mingsel ferfiere en ôfleverje, dumpe bytiden de oerbleaune paraffine yn see. De skippen spiele nei ôflevering fan de paraffine yn de havens de tanks en spiele it wetter oerboard. Dat is tastien, as it net om in soad paraffine giet. Mar it komt foar dat de tanks net hielendal leech binne en dat der dus mear paraffine oerboard giet as tastien.

Mei skeppen en in shovel

It waaksachtige wite guod, ôfkomstich fan ruwe oalje, is net skealik foar minsken, seit ek wurdfierder Anne van der Meer fan Rykswettersteat. Wol foar fûgels en seehûnen dy't it opite. Oan no ta binne der allinnich meldingen kommen fan It Amelân en Skylge.

Rykswettersteat hat mei de gemeenten ôfpraat dat se yn sokke gefallen in spesjale kalamiteite-oannimmer ynskeakelje. Op dit stuit meitsje tolve meiwurkers it strân fan Skylge skjin mei skeppen en mei de hannen. Der is boppedat in shovel ynset. Rykswettersteat hopet moandei of tiisdei ek op It Amelân los te gean mei it oprêden fan de paraffine op de stân.

Wat de kosten fan oprêden oanbelanget, is Van der Meer koart en dúdlik: dêr is in spesjaal potsje foar en it sil tige dreech wurde it skip te achterheljen dat de paraffine oerboard pompt hat.

Anne van der Meer fan Rykswettersteat (tusken de middei)

Skylge is skjin

"It is boppe ferwachting gien," ljochtet Anne van der Meer fan Rykswettersteat ta. Oan de ein fan de middei wie it strân fan Skylge skjin. "Der is sân kúb ôfhelle, dat ha we dien mei tolve man en twa shovels. Dus in grut komplimint oan elkenien. It guod wurdt nei de fêste wâl brocht en dêr ferwurke."

Op It Amelân leit ek noch guod. "Dêr sille we moarn fierder oprêde mei de kalamiteite-oannimmer dy't mei mear minsken en materieel komt."

It is neffens Van der Meer lestich om oan te jaan wêr't it guod weikomt. "Deis farre in soad skippen by de eilannen. It soe fan in skip komme kinne, mar om dat te achterheljen sil dreech wurde."

De strannen wurde wykliks ynspektearre, as der noch wer mear oanspielt, kin it oprêden gau begjinne.

Anne van der Meer fan Rykswettersteat (om 16.15 oere)

(advertinsje)
(advertinsje)