Gold rush op Skylge: bisto dy dwerse pubersoan?

09 sep 2019 - 10:29

Op Skylge ha se wol in hiel bysûnder opspoaringssinjalemint útgean litten. De famylje Van Eijk siket nammentlik in 'dwerse pubersoan', dy't sa'n 25 jier lyn de sieraden fan syn mem út it raam smiten hat. Dat barde yn in wenning yn Oosterend op it eilân, dêr't no Jaap en Marijke van Eijk wenje. Twa gouden ringen binne yntusken werom fûn, mar fan wa binne se?

It is in bysûnder ferhaal dat al jierrenlang ferteld wurdt op jierdeifeestjes fan de famylje Van Eijk. Jierrenlyn wenne der in dwerse pubersoan yn harren hûs op Skylge, dy't sa lilk wie op syn mem dat er har earmbannen, earbellen en ringen ta it rút útsmiet. Lang like it in fabel te wêzen, mar ferline wike fûn in buorman mei syn metaaldetektor twa gouden ringen werom. En no is de grutte fraach fansels: fan wa binne se?

Sterk ferhaal

"Het moet zo'n 25 jaar geleden gebeurd zijn", fertelt Jaap van Eijk. "We hebben al wel eerder gezocht, maar op de verkeerde plaats. De sieraden lagen verder van het huis vandaan. Toen de buurman ging zoeken, kwam hij al snel twee gouden ringen tegen. Toen zeiden wij tegen elkaar: 'Dan moet het verhaal wel kloppen'."

Bysûndere ringen

Van Eijk wol net omskriuwe hoe't de ringen der útsjogge, om't er fan de rjochtmjittige eigener witte wol hoe't se der útsjogge. "Het zijn geen gladde ringen, maar ze hebben bijzondere kenmerken. De eigenaar moet ze precies kunnen omschrijven." Oant no ta is it lykwols noch stil. "Ons doel is om de rechtmatige eigenaar te vinden. Maar tot nu toe zijn er nog geen reacties binnengekomen."

Stilte foar de stoarm

Op Facebook hat soan Steven van Eijk in oprop dien. De dwerse pubersoan of de mem kinne har melde by de famylje en krije dan de gouden ringen werom. Dat kin troch te beljen mei 0562 445 088.

Jaap van Eijk

Foto: Facebook
Trefwurden: 
Skylge pubersoan sieraden
(advertinsje)
(advertinsje)