It is noch simmer, mar Rykswettersteat test alfêst it materiaal foar de winter

09 sep 2019 - 08:39

Wy sitte noch midden yn de neisimmer, mar dochs is Rykswettersteat al wer drok dwaande mei de tariedings op de winter. Snieskowers, sâltstruiweinen: alle materiaal foar de gledheidsbestriding wurdt moandei ûnder hannen naam op De Jouwer. "Alles moet klaar zijn wanneer we het nodig hebben", fertelt koördinator Peter Snippe.

Foardat it echt winter wurdt, moat alle materiaal yn oarder wêze. Rykswettersteat is op De Jouwer dêrom drok dwaande mei it testen fan it materiaal. Peter Snippe is de koördinator fan de hiele ynspeksje. "De aannemer komt met de vrachtwagens, zodat we kunnen kijken of alles functioneert, zodat we aan de bak kunnen als dat straks nodig is."

"Klaar voor de klus"

De sâltstruiweinen, de snieskowers: alles wurdt ûnder hannen naam. "We hebben nog geen mankementen gezien", stelt Snippe ús gerêst. "Dit is ontzettend belangrijk. Je moet er niet aan denken dat het materiaal niet werkt wanneer dat midden in de nacht nodig is." Tiisdei wurdt dêrom al it materiaal test yn Harns en woansdei yn Drachten.

Strange easken

Mar is it net wat te betiid om de boel no al te testen. "Dat is een eis van Rijkswaterstaat", leit Snippe út. "Voor 1 oktober willen we alles gereed hebben staan, want dan begint voor ons het gladheidsseizoen."

Ferslachjouwer Auke Wietze Bosma yn petear mei Peter Snippe

Foto: Omrop Fryslân, Auke Wietze Bosma

Nije sjauffeurs

Ek liedt Rykswettersteat alle jierren nije sjauffeurs op. Dy krije in kursus foardat se dizze winter de dyk op meie. Moandei krije se al útlis oer de betsjinning fan de struiwein en de snieploech. Sytse Abma is ien fan dy nije sjauffeurs, dy't mei de snieskower ûnderweis is. Gewoanwei rydt er mei de frachtwein en docht er in soad grûnwurk by nije diken. "Dit is foar my de earste kear dat ik sa'n ding der foar ha. It wol ús no noch net oan mei dit waar, mar oer in pear moannen kin it al safier wêze."

Goed wekker wêze

Op 28 septimber krijt Abma in kursus snieskowen. "Wy sille aanst de grutte diken skjinmeitsje mei sa'n grut skoblêd der foar. It moat efkes wenne, bist in stik breder, dus moast om oare auto's tinke. Jo moatte wol wekker wêze mei dit wurk. It is efkes ôfwachtsje hoe't it komt, mar ik tink dat it wol slagje sil."

Ferslachjouwers Auke Wietze Bosma giet mei in sjauffeur op paad

(Advertinsje)
(Advertinsje)