Kollum: "Rûntsje fan Rico"

09 sep 2019 - 08:27

"Als ik vandaag één iemand kan raken, ben ik tevreden." Dat sei kickbokser Rico Verhoeven tongersdei foarôfgeand oan syn speech foar studinten fan NHL Stenden Hegeskoalle. In grappige útspraak foar in kickbokser, dy't dochs as doel hat om sa folle mooglik minsken te reitsjen. Mar hy bedoelde fansels dat er jonge studinten ynspirearje wol. En dat slagge, want de sintrale hal fan de hegeskoalle siet oant de nok ta fol mei minsken, dy't allegear harken nei it ferhaal fan dizze kalme krêftpatser.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Kalm, nofter en maklik yn de omgong: sa kaam The King of Kickboxing op my oer. Mei ûtsûndering fan syn aldermachtichst grutte spierbondels soest op it earste gesicht net sizze dat dizze 30-jierrige reus út Bergen op Zoom kickbokser is. Kenlik wit er al syn enerzjy op te sparjen foar it momint dat it echt nedich is: yn de ring. En dêr kinne in protte minsken noch in foarbyld oan nimme.

Op deselde dei as de speech fan Rico wie ek plysjekorpsjef Erik Akerboom folop oan it wurd. Hy rôp de polityk op om alle plysjeaginten in saneamde taser te jaan. Dat is in stroomstootwapen, wêrmei'tst ien op ôfstân útskeakelje kinst. De oprop kaam neidat der yn Rotterdam in plysjeman út de tiid slein wie troch in keardel út in troustoet. Neffens Akerboom is de maat fol. "Soms moet je gezag afdwingen", fynt er.

Neffens Akerboom wurdt der elk oere fan de dei in plysjeman of -frou mishannele. Kinst it dy hast net foarstelle. De oprop foar mear beskerming fan de plysje komt dan ek net út de loft fallen. Ek minister Grapperhaus stipet it pleit foar de ynfiering fan de taser as basisútrusting. Tel dat op by it buske mei pepperspray, de wapenstok en fansels it pistoal en in plysjeman of -frou hat de kar út in hiel assortimint oan geweldsmiddelen. En noch binne der minsken dy't dêr neat om jouwe.

It probleem is neffens my ek net sa sear de útrusting, mar de ynset dêr fan. As in plysjeman of -frou ien fan dizze middelen brûkt, is de kâns grut dat der binnen de koartste kearen in filmke op Dumpert stiet. Dan is de wrâld te lyts. Sa'n agint moat op it matsje komme en der folget in yngreven ûndersyk. Dus tinkt in agint wol trije kear nei foardat er de stok lûkt. Dat is net per se ferkeard, mar it makket in agint wol hiel kwetsber.

Twadde punt is de straffen dy't minsken krije as se in agint mishannelje. Dat is yn de measte gefallen in taakstraf. En lit ús earlik wêze: dat skrikt no net echt hiel bot ôf. Dat is as moast strafrigels skriuwe neidast juf op it skoalleplein mei de skeppe op 'e kop slein hast. In 'lachertje'. Ek yn de strafmaat moat heechnedich feroaring komme, fynt korpsjef Akerboom.

No ha ik fansels gjin rjochten studearre, mar ik ha wol in idee. As wy no ris in nije straf betinke foar al dizze minsken dy't tinke dat se ús plysjeminsken te liif gean meie. Al dizze opfokte haantjes en hintsjes gean op kursus by kickbokser Rico Verhoeven. Rico wit ommers as gjin oar hoe't er al syn agressy kanalisearje moat. Dêr kinne dy kloatsekjes fêst wat fan opstekke.

Mar de kursus begjint mei in fanatyk potsje kickboxing yn de ring. Helmke op, mofkes oan en súkses. Lit dizze driftkikkers mar ris fiele hoe't it is om in pear bêste tikken te krijen. En pas as sa'n kloat de handoek yn de ring smyt, mei er de skoalbankjes yn. It Rûntsje fan Rico: Wie niet horen wil, moet maar voelen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)