Op de pedalen foar de sykte fan Duchenne

Gerard en Edith Wierda út Boalsert dogge dit jier mei oan de mountainbiketocht Duchenne Heroes. Dat is in fytstocht fan trije dagen wêrby't jild ophelle wurdt foar ûndersyk nei de sykte fan Duchenne. Erwin, de 25-jierrige soan fan Gerard en Edith, hat Duchenne. "Wy dogge it foar him en al dy oaren dy't dizze sykte hawwe."
Mountainbike © Shutterstock.com
Duchenne is in erflike, progressive spiersykte en komt meast foar by jonges. Uteinlik is dizze sykte fataal, bern mei Duchenne wurde net âld. Sûnt syn fyftjinde sit Erwin yn in rolstoel. Hy wennet op himsels en is hiel posityf. "Dat fyn ik sa knap", fertelt syn mem Edith. "Hy genietet echt fan elke dei."

Pikefelmomint

Spesjaal foar him en al dy oare minsken mei Duchenne dogge Edith en har man Gerard mei oan de mountainbiketocht. Se begjinne tongersdei yn Spa yn België en de finish sneon is yn Well aan de Maas, flakby Venlo.
De famylje Wierda hat al wol earder by de tocht sjoen, mar noch nea meidien. "It wurdt pittich", wit Edith. "Benammen omdat der in soad klommen wurde moat. Mar wy sjogge no al út nei it momint dat wy oer de einstreek komme. Dat is echt in pikefelmomint."

Op syk nei medisinen

It jild dat binnenhelle wurdt mei de tocht, wurdt brûkt foar ûndersyk nei de sykte Duchenne. Oant no ta binne der noch altyd gjin medisinen fûn dy't de sykte genêze kinne, mar der binne al wol medisinen dy't it sykteproses fertrage.
Om mei te dwaan moasten Gerard en Edith 1250 euro ophelje fia sponsors. "Dat jild is der al", fertelt Edith. Mar as minsken noch graach wat bydrage wolle, kin dat fia www.duchenneheroes.nl/sterk-voor-erwin.
Edith Wierda oer harren tocht