Besikersrekôr by 'nautyske' Admiraliteitsdagen

De Admiraliteitsdagen yn Dokkum hawwe dit jier in rekôrtal besikers lutsen. Dat meldt de organisaasje op de lêste dei fan it festival.
Besjoch hjirûnder in kompilaasje fan de 'Night of the Praams', dy't Omrop Fryslân makke yn gearwurking mei streekomrop RTV NOF.
De Night of the Praams fan de Dokkumer Admiraliteitsdagen 2019
De organisaasje wie berekkene op sa'n 100.000 besikers. "We binne dy kant wol op gien", seit foarsitter Jan Michiel van der Gang."We telden mear besikers as foarich jier."
De Admiraliteitsdagen setten útein mei in protte rein. "Dat heart by in nautysk festival", seit Van der Gang. It eksakte besikersoantal is net bekend. "Dat is hast net fêst te stellen, mei safolle minsken yn de stêd.
"We ha in kwalitatyf topevenemint delsetten, en dochs it famyljegefoel behâlden. Dat is foar ús it belangrykste", seit de foarsitter. "Sa binne we begûn, en sa wolle we fierder."
Waarnimmend boargemaster Hayo Apotheker is ek bliid mei it ferrin fan de festiviteiten. "Het waren hele mooie dagen. Met deze dynamiek gaan we met elkaar de toekomt in en dit gebied verder ontwikkelen", seit er.