Rydt Nyck de Vries kommend jier tsjin Max Verstappen yn de Formule 1?

08 sep 2019 - 22:02

It kampioenskip yn de Formule 2 kin Nyck de Vries fan Twellingea nei syn tredde plak yn de sprintrace fan Monza hast net mear ûntgean. En de Formule 2 wurdt sjoen as it opstapke nei de Formule 1.

De Vries hat in goed wykein hân yn Monza. Hy is twa kear tredde wurden. De Vries hat no 225 punten yn it klassemint. De nûmer twa, Nicholas Latifi, hat 166 punten. De Vries kin oer trije wiken kampioen wêze.

Miskien liket it logysk dat De Vries yn it nije jier mei ûnder oare Max Verstappen en Lewis Hamilton striidt om it wrâldkampioenskip yn de keningsklasse fan de autosport. Mar sa ienfâldich leit dat net.

Nyck de Vries en Max Verstappen - Foto: ANP

De komplete top trije fan de Formule 2 fan it ôfrûne seizoen (George Russell, Lando Norris en Alexander Albon) rydt no yn de Formule 1. De kâns dat De Vries dyselde stap makket, liket lykwols lyts. De stuolledûns yn de Formule 1 komt noch net echt op gong, en it liket der net op dat dêr feroaring yn komt. Dan is der simpel sein gewoan gjin plak foar de Fryske autoracer.

'Ferkearde stal'

In oare reden dy't de kânsen fan De Vries lytser makket, is dat er sûnt dit jier gjin diel mear útmakket fan de stâl fan McLaren. Hy wurdt wol stipe troch de Audi Sport Racing Academy, mar Audi hat hielendal gjin team yn de Formule 1. It leit dus folle mear foar de hân dat De Vries kommend seizoen yn de Formule E of de DTM rydt, dêr't Audi wol oan dielnimt.

Te min jild

De lêste, mar seker net de ûnbelangrykste reden wêrom't we De Vries kommend seizoen nei alle gedachten net yn in Formule 1-auto sjogge, hat te krijen mei jild. De Vries hat gjin grutte jildsjitters sa as de Nederlanner Giedo van der Garde yn it ferline wol hie mei syn skoanheit, of sa as de hjoeddeiske Formule 1-rider Lance Stroll hat mei syn heit. Lawrence Stroll is de eigener fan it Formule 1-team Racing Point.

De Kanadees Nicholas Latifi is op it Formule 2-sirkwy de grutste konkurrint fan De Vries. Latifi hat in gruttere portemonnee. Dat makket de kânsen fan De Vries bot lytser, ek al is hy de bêste as je allinne nei de racekwaliteiten sjogge.

De Vries sels hâldt foar it nije seizoen alle opsjes noch iepen. "Zoveel professionele autosportklasses zijn er eigenlijk niet. Er zijn een aantal klasses die ik in overweging neem, maar het is nog niet beslist", seit er tsjin de NOS.

Nyck de Vries yn petear mei Louis Dekker fan de NOS

De kommende wiken moat der dúdlikens komme foar De Vries, dy't syn management sels docht. "Daar maak ik me geen zorgen om."

(Advertinsje)
(Advertinsje)