Mei 185 kilometer yn de oere in plysje-auto ynhelje: rydbewiis kwyt

08 sep 2019 - 19:51

De plysje hat it rydbewiis ynnaam fan in man (43) út Surhústerfean, dy't mei 185 kilometer yn de oere oer de Heak om Ljouwert ride. Dat meldt de plysje.

De Heak om Ljouwert - Foto: Google Streetview

Op de Heak om Ljouwert jildt in maksimumsnelheid fan 100 kilometer.

De plysjes krigen de man yn de gaten doe't se troch him ynhelle waarden. Se rieden yn in ûnopfallende plysje-auto tusken Marsum en Wurdum. Se ha proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)