Froulju Hearrenfean kinne net skoare tsjin Ajax: einstân 0-0

De froulju fan SC Hearrenfean ha it earste punt fan de kompetysje binnen. Op it Amsterdamske sportpark De Toekomst waard it 0-0 tsjin Ajax.
© www.orange-pictures.nl
It wie de twadde wedstriid fan de kompetysje. De earste wedstriid ferlearen de Feanfrouju. Yn eigen hûs waard it 4-1 foar PSV.
Yn Amsterdam wie de earste sjitkâns fan de wedstriid foar Hearrenfean. De ynset fan Tiny Hoekstra miste skerpte, en gong neist. Keepster Charetha Okken hold de Feanfroulju yn de wedstriid. Se pakte in pear goeie ballen.
Yn de twadde helte kaam Hearrenfean hieltyd tichter by in doelpunt. De ferdigening fan Ajax kreake, mar joech gjin belies. Yn de lêste minút weage oanfalster Jill Bayings fan Hearrenfean noch in skot op goal, mar de Amsterdamske keeper koe de bal noch krekt oer de goal tikje. It bleaun dus 0-0.
Neffens trainer Roeland ten Berge fan SC Hearrenfean hie winst ek mooglik west yn Amsterdam.