Peter Peet oppermachtich op nasjonaal kampioenskip Regenboogsilen

08 sep 2019 - 18:52

It nasjonaal kampioenskip Regenboogsilen dat de ôfrûne dagen holden waard op de Snitser Mar, is wûn troch Peter Peet út Den Haag. Hy wie oppermachtich.

In Regenboog op de Snitser Mar - Foto: ANP

Peet wûn meardere wedstriden. Ien kear waar er diskwalifisearre, omdat er te betiid starten wie, mar dy útslach mocht er ôflûke. Hy helle 18 punten.

Harry Amsterdam, fan Snits, wie de bêste Fries. Hy kaam op it tredde plak, mei 47 punten. Peter Bijlard fan Den Haag waard twadde, mei 33,3 punten.

Trefwurden: 
silen Snitser Mar regenboog
(Advertinsje)
(Advertinsje)