Tjisse Steenstra bêste keatser fan it jier

08 sep 2019 - 17:46

Tjisse Steenstra is de winner wurden fan it yndividuele jierklassemint fan it haadklassekeatsen. Yn de twadde omloop fan it trochmekoarlotsjen yn Marsum fersloegen Steenstra en dy it partoer fan syn direkte konkurrint Gert-Anne van der Bos.

Tjisse Steenstra - Foto: Henk Bootsma

De wedstriid yn Marsum is de ien-nei-lêste fan it jier. Van der Bos kin Steenstra dêrtroch no net mear ynhelje yn it jierklassemint.

Steenstra is ien kear earder earste wurden yn it jierklassemint. Dat wie yn 2017. Doe wie it in dield earste plak. Hy hie doe likefolle punten, en likefolle earste, twadde en tredde plakken as Gert-Anne van der Bos.

Yn de twadde omloop yn Marsum stie Steenstra mei Gert-Jan Duiven en Hiltje Bosma tsjinoer Gert-Anne van der Bos, Kees van der Schoot en Sjoerd de Jong. It waard 5-5/6-4.

Kânsleas ferlies yn de finale

Steenstra en dy ferlearen de finale mei grutte sifers fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. It waard 5-0/6-2. Bergsma waard kening.

"Yn de finale binne je net mei it klassemint dwaande. Dan is it binnen, en dan is it klear", seit Steenstra. "Mar dit is geweldich, moaier kin it net."

Steenstra hie yn de earste partij wol wat mear tsjinstân ferwachte, seit er.

Foar Dylan Drent wie it de lêste wedstriid fan it jier. Hy mei de slotwedstriid net keatse, omdat er yn july meidie oan in strjitkeatswedstriid yn Ljouwert, wylst er as haadklasser neffens de KNKB-regels yn Easterein wêze moast.

Favoryt ferliest by de froulju

De froulju keatsten yn Marsum in dei earder. Dêr ferlear it favorite partoer fan Ilse Tuinenga, Imke van der Leest en Louise Krol de finale mei 5-2/6-0 fan Serene Hovenga, Lotte Delgrosso en Harmke Siegersma, nei in bûtenslach fan Ilse Tuinenga.

De tredde priis wie foar Tineke Dijkstra, Sandra Hofstra en Manon Scheepstra.

Trefwurden: 
keatsen Tjisse Steenstra
(advertinsje)
(advertinsje)