Iepeningsfestival kultureel jier Ljouwert lytser fanwege jildtekoart

De iepening fan it kulturele seizoen yn Ljouwert is dit jier lytser as oars. Wie der ferline jier noch in grut Uit-Festiuval yn de Prinsetún, dit jier is der net folle mear as stands en in tinte op it Saailân. Wol ha alle ynstellings de doarren iepen foar it publyk.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De nije opset hat te krijen mei jildgebrek. De subsydzje fan de gemeente Ljouwert is fuortfallen. Dochs is it de organisaasje mei help fan ûnder oare de Ljouwerter ûndernimmersferiening slagge in lytsere fariant te organisearjen.
De namme fan it festival is ek oars as foarich jier: Uit in Huis.
By skouboarch De Harmonie joech Tryater in preview fan de foarstelling Karlsson fan it dak. Harmonie-direkteur Marijke van der Woude sjocht it jier posityf temjitte. Se ha in breed oanbod mei in soad omtinken foar de jeugd. "Wat ik ontzettend leuk vind is dat kinderen naar het theater gaan."
Van der Woude sjocht út nei Amadeus, ein september: "Dat is muziektheater. Echt een grote productie met veel bekende acteurs. Maar wat nog leuke is, is dat er een koor uit Leeuwarden in meezingt."
It Natuurmuseum Fryslân hat ek each foar de jeugd, zegt direkteur Tom van Slooten: "We zijn bezig met een nieuwe tentoonstelling over giftige dieren. Denk aan schorpioenen, hagedissen en slangen. Dat wordt echt leuk spannend."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma