Maarten van der Weijden krijt planken fan SUP-alvestêdetocht

08 sep 2019 - 15:28

Maarten van der Weijden hat tsien SUP-planken krigen fan de organisaasje fan de SUP-alvestêdetocht. It is de bedoeling dat se brûkt wurde foar de Maarten van der Weijden foundation.

Van der Weijden krijt de planken - Foto: Kappers Media

SUP-planken binne in soarte fan surfplanken, dy't minsken brûke om steand op te peddeljen.

Bern dy't siik binne, en harren famyljes, kinne de planken brûke om te ûntspannen. Van der Weijden krige se yn Burdaard, op it plak dêr't er twa jier lyn ophold mei syn alvestêdeswimtocht. No stiet dêr in byld.

De SUP-alvestêdetocht is sneon úteinsetten. Atleten besykje de tocht fan 220 kilometer non-stop te folbringen, binnen 36 oeren.

Earder dit jier swom Van der Weijden by de alve stêden del, om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Besjoch hjir hoe't Maarten van der Weijden dat die.

(Advertinsje)
(Advertinsje)