Provinsje lit doar foar Eilân op in kier stean

08 sep 2019 - 14:15

Dat de rjochter de omjouwingsfergunning dy't de gemeente Skylge ôfjoech foar it festival Eilân fan tafel fage hat, kaam net hielendal ûnferwachte. Dat sei deputearre Douwe Hoogland (PvdA) snein yn it Omrop Fryslân radioprogramma Buro de Vries. De deputearre sei ek dat er der nochris goed nei sjen wol.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De organisaasje fan it festival hat sneon al witte litten dat it evenemint net trochgiet. Hoogland lit de doar noch op in kier stean. "It wurdt in poepetoer, mar ik wol der dochs nochris goed nei sjen", sa sei er.

Nei de earste útspraak fan de foarsjenningerjochter die Hoogland de suggestje oan de organisaasje, om it hiele festival op in oare lokaasje te hâlden. Hy joech oan dat it miskien it bêste by in boer op it lân holden wurde koe, sadat it net yn Natura 2000-gebiet falt.

De organisaasje besleat om ien poadium te ferpleatsen, de rest soe wol gewoan sa as pland by it Meertje van Hee plakfine moatte. "Ik hie dat wol wat rommer sjen wollen, mar dat is net bard", sa sei Hoogland.

Deputearre Douwe Hoogland oer it net trochgean fan it festival Eilân op Skylge

(Advertinsje)
(Advertinsje)