De Vries ticht by wrâldtitel nei sprint yn Monza

Nyck de Vries is snein yn de Formule 2 opnij as tredde einige. Op it sirkwy fan Monza yn Italië moast de koereur út Twellingea by de sprintrace de Britten Jack Aitken en Jordan King foargean litte. De Vries profitearre fan in straf fan de Japanner Nobuharu Matsushita. Dêrtroch skode hy op nei it tredde plak.
Nyck de Vries © www.orangepictures.nl
By de earste race pakte De Vries sneon ek al it tredde plak. De 24-jierrige koereur giet mei 225 punten oan de lieding yn it klassemint om it wrâldkampioenskip. De Kanadees Nicholas Latifi folget mei 166 punten.
De Vries kin by de folgjende race, oer trije wiken yn Ruslân, de einoerwinning feilich stelle.