René Hooghiemster wint Omloop fan Trynwâlden

08 sep 2019 - 11:04

René Hooghiemster hat sneon de santjinde Omloop fan de Trynwâlden wûn. De hurdfytser komt oarspronklik út de Trynwâlden, mar wennet no yn Snits.

René Hooghiemster - Foto: www.orangepictures.nl

De Omloop fan de Trynwâlden is in hurdfytswedstriid oer tsien ronden fan elk tsien kilometer. Oan de start ferskynden 54 dielnimmers.

Yn de lêste ronde wist Hooghiemster mei Marien Bogerd út Kootwijk te ûntsnappen út in groepke fan njoggen hurdfytsers. Henk Bos út Drachten besocht noch by harren te kommen, mar slagge dêr net yn.

Mei in pear meters ferskil op Bogerd kaam Hooghiemster yn Oentsjerk as earste oer de streek.

(Advertinsje)
(Advertinsje)