Wikseljende resultaten foar Fryske kuorballers

08 sep 2019 - 09:30

De Fryske kuorballers binne sneon mei wikseljend sukses begûn oan it nije seizoen. Mid-Fryslân en LDODK wûnen harren earste kompetysjewedstriid, KF Hearrenfean en SCO moasten it dwaan mei ferlies.

Foto: ANP

Yn de útwedstriid tsjin AKC Rohda út Badhoevedorp wie Mid-Fryslân mei 18-13 te sterk foar de thúsploech.

KF Hearrenfean moast it dwaan mei in ferliespartij tsjin Wageningen. De Feansters ferlearen mei 25-19.

LDODK is it nije kuorbalseizoen goed begûn. Yn de iepeningswedstriid tsjin KCC/SO pakten se de winst. Op it thúsfjild waard it 19-17 foar de Gordyksters.

SCO ferlear yn Aldeholtpea de thúswedstriid tsjin Oost-Arnhem mei 17-14.

(Advertinsje)
(Advertinsje)