Arends en Pel ferlieze finale ATP Challengertoernoai

Sander Arends en David Pel hawwe de finale om it ATP Challengertoernoai yn it Frânske Cassis ferlern. Op basis fan de wrâldranglist wienen se favoryt, mar de Nederlanner Sem Verbeek en de Sweed Andre Goransson stutsen in stokje foar de winst fan Arends en Pel. It waard in trije sets 7-6, 4-6, en 11-9.
© Orange Pictures
Verbeek en Goransson komme mei dizze winst op twa dûbeltitels dit jier. Arends en Pel wûnen dit jier al trije challengertitels. Ferline wike wienen se noch de bêsten bij de Rafael Open op Mallorca.
Nije wike spylje Arends en Pel yn Istanboel.