FIDEO: Jelmer Chardon fersulveret favoriterol

07 sep 2019 - 22:58

Foar de 40e kear waard yn Droegeham it Konkoers Hippique hâlden. Ien fan de hichtepunten wie it Nederlânsk kampioenskip ienspannen dekhynsten Frysk ras. De titel gie nei Jelmer Chardon mei Eise 489.

Sybren Minkema wûn sulver mei Wylster 463, en it brûns gie nei Age Okkema mei Tsjalle 454. Anne Okkema foel mei Michiel 442 krekt bûten de prizen.

It NK foar stamboekhynsten Frysk ras foar de sjees stiet ûnder druk. Al jieren komme der heechút fjouwer dielnimmers opdraven, en dat is mar krekt genôch om it in offisjeel NK te neamen.

Wy fregen in tal saakkundigen hoe't it kin dat it tal dielnimmers sa leech is, Hat dit Nederlânsk kampioenskip noch wol takomst, of is it lûken oan in dea hynder?

(Advertinsje)
(Advertinsje)