Henk de Jong wiis mei doelpunten fan ynfallers: "Dat is moai foar de groep"

Cambuurtrainer Henk de Jong is wiis mei de winst op Telstar, en dat de ynfallers dêr in krúsjale rol yn spile ha, dêr glunderet er oer. "Dit is allinne mar moai foar de groep."
Henk de Jong
Cambuur wûn de útwedstriid tsjin Telstar mei 2-0, mar it wie gjin maklike wedstriid. "Yn de earste helte hiene we it beslisse moatten."
Ragnar Oratmangoen soe foar it earst yn de basis begjinne, mar trochdat er op de lêste training te let wie, starte hy op de bank. "Ik was door mijn wekker heen geslapen. Heel ongelukkig natuurlijk."
Oratmangoen hat fuortendaliks in nije wekker kocht. "Ik gebruikte mijn telefoon. Maar dit moet niet nog een keer gebeuren. Het was echt een zuur moment. Toen ik aankwam zaten de jongens al te ontbijten."
Ragnar Oratmangoen
Pas tsjin de ein fan de twadde helte kaam Oratmangoen it fjild op. Trochdat er yn de slotfaze noch in bal fan de line helle, spile de oanfaller foaral ferdigenjend in haadrol. "Ik denk dat dit een belangrijke actie was. Telstar was heel erg aan het drukken, en voorin kon ik het verschil niet maken."
Alex Bangura skoarde fiif minuten foar de ein fan de wedstriid de beslissende 2-0. It wie syn earste doelpunt yn it betelle fuotbal. "Ja, waarom niet, dacht ik. En dan gewoon gaan."
Alex Bangura
Bangura stie noch mar kâld yn it fjild doe't er skoarde. Hy foel ûnferwachts yn. "Ik schrok er een beetje van, normaal doe je een warming up. Ik was nog niet helemaal fit, maar als je dan meteen een doelpunt kan meepikken, dat is mooi."