VV Bûtenpost pakt trije punten yn thúswedstriid tsjin DETO

VV Bûtenpost hat yn de twadde wedstriid fan it seizoen trije punten pakt. Nei it knappe punt tsjin ACV Assen fan ferline wike waard sneon mei 3-1 van vv DETO wûn. Mei dizze trije punten derby stiet de fuotbalklup no op it fjirde plak mei fjouwer punten út twa wedstriden.
© Orangepictures
Yn it earste kertier barde der net in soad, útsein in skot fan ôfstân fan Rik Weening, mar Bûtenpost kaam wol op foarsprong. In foarset fan Rudmer Loonstra waard goed ferwurke troch Weening dy't de pass promovearret ta in doelpunt. Nei in krap healoere kin Jorrit Terpstra de 2-0 binnen sjitte, mar de keeper fan DETO stiet op te letten en rêdt it skot.
Tsien minuten foar it skoft kaam DETO op likense hichte, troch in doelpunt fan Kevin Aman. Bûtenpost gie wer op syk nei de foarsprong en troch in kopbal fan Rob Dijkstra út in corner kaam dy hast noch ta stân. Dat soe even letter foar rêst dochs noch it gefal wêze, om't Weening nei goed tariedend wurk Rudemer Loonstra yn skoaringsposysje sette, dy't de bal tsjin de touwen skeat.

Bûtenpost lûkt wedstriid nei him ta

Yn de twadde helte soe de 2-1 foarsprong net mear yn gefaar komme. Sterker noch, de thúsploech koe de foarsprong noch útwreidzje. Weening mei de bal oan de foet foel, stie op, begûn oan in slalom en skeat de bal efter de keeper fan de gasten. Der hie hast in 4-1 einstân op it skoareboerd stien doe't Loonstra op oanjaan fan Dijkstra de bal binnenskeat, mar de assistint-kiedsrjochter konstatearre bûtenspul.
Takom wike stiet de folgjende kompetysjewedstriid op it programma. Dan spilet Bûtenpost in útwedstriid tsjin SDC Putten.