FOTO'S: Twa boaten plat nei wynhoas by Heech

In wynhoas hat foar problemen soarge op de Hegemer Mar. By in sylwedstriid binne dêr twa boaten omslein. Neffens in tsjûge wie it in lytse slurf, dy't by it wedstriidwetter del kaam. It liket derop dat der net ien ferwûne rekke is.
Jelte van der Meer fan Skydrone Sloten makke de ûndersteande foto's.
Dat de beide boaten omsloegen, kaam net troch de wynhoas, mar troch de wyn yn de bui. Dat seit ien fan de minsken dy't op it startskip wie. It waaide net hurder as wynkrêft seis. Dan komt it faker foar dat wedstriidboaten omslaan.
Freed binne der mei wynkrêft fiif ek trije boaten omslein. De organisaasje fan de wedstriid wie mei fjouwer flugge speedboaten op it wetter, mei profesjonele rêders, dy't de omsleine boaten wer gau oerein set ha. Se binne leech skept en koene dêrnei wer fierder sile.
De polyvalk dêr't de wynhoas deun by del kaam, hie it seil op tiid del.