Cambuur wint útwedstriid tsjin Telstar mei 2-0

07 sep 2019 - 20:32

SC Cambuur hat de wedstriid tsjin Telstar wûn mei 2-0. It is de earste útoerwinning fan it seizoen foar de Ljouwerters. De doelpunten wiene fan Jamie Jacobs en Alex Bangura.

Foto: www.orange-pictures.nl

Cambuur koe nei goed tweintich minuten op in foarsprong komme, mar in kopbal fan Giovanni Korte bedarre op de peal. In pear minuten letter, yn de 24ste minút, foel de 1-0 dochs. In frije traap fan Robin Maulun einige nei in scrimmage foar de goal fia Robert Mühren by Jacobs, dy't fan tichtby de bal yn de goal tikje koe.

Nei de iepeningstreffer krige Cambuur noch in pear goeie mooglikheden om de marzje te ferdûbeljen. Mühren hie twa kear de 2-0 op de skoech, mar miste.

Yn de twadde helte naam Telstar wat mear risiko, ûnder oaren mei it ynbringen fan ekstra spits Glynor Plet. Dy wie ek it tichtst by, mar syn ynset waard fan de line helle troch Ragnar Oratmangoen, dy't flak foar de ein fan de wedstiid it fjild op kommen wie.

Twa oare ynfallers beslisten úteinliks de wedstriid. Fiif minuten foar de ein skoarde Bangura it twadde doelpunt neidat Stanley Akoy de bal breed foarjûn hie. Bangura stie yn in drege hoeke, mar koe de marzje ferdûbelje. It wie syn earste doelpunt yn it betelle fuotbal, wêrmei't er de einstân op 2-0 bepaalde.

Trainer Henk de Jong is bliid mei de oerwinning. No heakket Cambuur oan by de top, seit er, en by ferlies hiene de Ljouwerters yn de achterfolging moatten.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)