Kamminga wint Iepen NK skeelerjen yn Hallum, Ariëns nimt revâns

Manon Kamminga hat sneontemiddei it Iepen NK Skeelerjen yn Hallum wûn. De rydster fan It Hearrenfean kaam nei 66 kilometer allinnich oer de streek yn de 32e Bartlehiemtocht.
Iepen NK skeelerjen yn Hallum
Yn totaal stiene der 14 rydsters oan de start yn Hallum, wêrûnder ek de winneres fan ferline jier Imke Vormeer fan Meppel. Mei noch tweintich kilometer te gean gie sy noch oan de lieding. Kamminga hie yn de lêste ronde lykwols noch in soad enerzjy oer en sette har konkurrinten dêrmei op grutte ôfstân. Beau Wagemaker fan Hoogkarspel waard twadde, Berber Vonk fan Appelskea pakte yn Hallum it brûns.
Manon Kamminga
By de manlju naam Crispijn Ariëns revâns. De ald-ynwenner fan Wolvegea rûn ôfrûne jier noch de earste priis mis troch in flater fan de organisaasje, dy't him de ferkearde kant opstjoerde. Dit jier kaam de ynwenner fan Heerde wol as earste oer de streep. De 40-jierige Jouke Hoogeveen waard twadde. Mearfâldich wrâldkampioen skeelerjen Peter Michael út Nij-Seelân einige as tredde.
Crispijn Ariëns