Harkemase Boys oan kop yn tredde difyzje nei winst yn Sassenheim

07 sep 2019 - 19:52

Nei trije wedstriden yn de tredde difyzje hat Harkemase Boys njoggen punten. Dêrmei stiet de ploech op in dield earste plak. De Harkemase Boys hat dit seizoen noch net ien tsjindoelpunt krigen.

Foto: www.orange-pictures.nl

De wedstriid yn Sassenheim, tsjin Ter Leede, einige yn 2-0 foar de Fryske ploech. Beide doelpunten waarden makke troch Henny Bouius. Dy skoarde oant no ta alle doelpunten fan dit seizoen.

It earste doelpunt kaam yn de 40ste minút, doe't Bouius nei in corner de bal foar de fuotten krigen. Hy skoarde kalm yn de rjochterhoeke fan de goal. It twadde doelpunt kaam direkt nei de rêst. Nei in moaie oanfal oer de linkerflank skeat Bouius de bal opnij yn de rjochterhoeke. It wie syn fyftichste doelpunt yn tsjinst fan de Harkemase Boys.

Op basis fan it doelsaldo (+5) stiet Harkemase Boys no op in fjirde plak yn de kompetysje, achter Sparta Nijkerk (+6), Hoek (+7), en DVS '33 Ermelo (+9).

ONS Snits

ONS Snits hat sneon mei 2-2 lyk spile tsjin StyeDoCo. De Fryske doelpunten kamen op namme fan Nick Kuipers en Sam Crowther.

(Advertinsje)
(Advertinsje)