Zonderland twivelet oan WK fanwege 'âlde kwaal'

07 sep 2019 - 21:30

Epke Zonderland twivelet oer dielname oan it WK turnjen, dat begjin oktober yn Dútslân holden wurdt. Dat meldt de NOS. Zonderland hat lêst fan de byholtes. Dat is in âlde kwaal.

Foto: ANP

Zonderland hie yn oanrin nei de Olympyske Spelen fan Rio de Janeiro yn 2016 ek al lêst fan de byholtes. Yn 2015 waard er der sels oan operearre. Dêrmei hope er foar altyd fan syn groanyske ferkâldenens ôf te wêzen.

"It is in drukkende pine op de foarholle en om de noas hinne", seit Zonderland tsjin de NOS. Hy neamt de byholtes it swakke plak fan syn lichem. "Ik ha de hiele simmer net lekker traine kind."

Troch de fersteurde tarieding twivelet Zonderland no oer de dielname oan it WK. "Normaalwei is it no allinne noch de puntsjes op de i sette. No is dat oars."

Ynterlânwedstriden

Nettsjinsteande de sûnensproblemen kaam Zonderland sneon wol yn aksje by de ynterlânwedstriden. De Nederlânske turners einigen op It Hearrenfean achter Turkije as twadde.

It Nederlânske fiiftal, mei Bart Deurloo, Rick Jacobs, Frank Rijken, Casimir Schmidt en Bram Louwije, behelle in totaalskoare dan 246.75 punten. Zonderland siet, fanwege syn fysike problemen, net by it earste team. Hy kaam út foar Nederlân II.

Olympyske missy

Oer twa wiken is der noch in ynterlânwedstriid op It Hearrenfean. Dan is foar Zonderland de deadline, dy't er sels steld hat, om te witten wêr't er oan ta is. "Dan wol ik dúdlik ha oft ik wol of net nei it WK gean", seit Zonderland.

De byholteûntstekking kin fan ynfloed wêze op it Nederlânske team. Nederlân wol him op it WK as team pleatse foar de Olympyske Spelen fan takom jier. As Zonderland der net by is, wurdt dat in stik dreger.

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)