Nyck de Vries fersteviget kopposysje yn Formule 2 mei poadiumplak op Monza

07 sep 2019 - 20:34

Nyck de Vries hat syn kopposysje yn it WK-klassemint fan de Formule 2 ferstevige. Yn de haadrace op it sirkwy fan Monza einige de Fries as tredde, wylst syn belangrykste konkurrint Nicholas Latifi gjin punten skoarde.

Foto: ANP

De Vries (24) starte op it lêste plak, omdat der by de kwalifikaasje net genôch benzine mear yn de tank siet. Hy begûn goed oan de race, en lei sels even op it twadde plak, mar yn de ien-nei-lêste ronde kaam de Italiaan Luca Ghiotto him op fluggere bannen foarby. De Japanner Nobuharu Matsushita pakte de winst op Monza.

"Ik moest van ver komen en ben vol in de aanval gegaan", sei De Vries nei ôfrin fan de wedstriid. "We zijn na de teleurstelling van vrijdag als team dicht bij elkaar gebleven, want iedereen maakt weleens fouten. Ik ben heel blij en tevreden dat ik hier het podium heb gehaald. De auto was fantastisch."

By de seremoanje op it poadium waard ek it Frânske folksliet spile, as earbetoan oan Anthoine Hubert. Dy Formule 2-koereur kaam foarige wike om it libben by in slim ûngelok op it sirkwy fan Spa-Francorchamps.

De Vries wiisde op Monza even nei boppe doe't er de tredde priis yn ûntfangst naam. Hy hat no 215 punten yn de WK-stân. Latifi is de nûmer twa, mei 166 punten.

Trefwurden: 
Formule 2 Nyck de Vries Monza
(Advertinsje)
(Advertinsje)