Bestjoerder ferwûne nei crash mei 'auto fan de takomst'

07 sep 2019 - 18:07

Ien wike neidat de earste eksimplaren levere binne fan de 'auto fan de takomst', is der yn Ljouwert in ûngelok bard mei sa'n auto. De bestjoerder koe de bocht net hâlde en de trijetsjiller kantele.

It barde op de Celsiuswei yn Ljouwert. De bestjoerder rekke ferwûne, en is troch minsken fan de ambulânse behannele op de plak fan it ûngelok. Der soene gjin oare auto's by it ûngelok belutsen west ha.

It is net dúdlik wat de oarsaak fan it ûngelok is.

De wein mei trije tsjillen rekke swier skansearre. It giet om in Carver. Dat is in krusing tusken elektryske scooter en in auto, dy't yn Ljouwert ôfboud wurdt. Foarige wike waarden de earste trije eksimplaren levere. It moat de auto fan de takomst wurde.

Trefwurden: 
Ljouwert Carver ûngemak
(Advertinsje)
(Advertinsje)