Nij dancefestival Eilân giet definityf net troch, organisaasje lûkt stekker der út

It festival Eilân op Skylge giet definityf net troch. Dat meldt de organisaasje. "Het is heel bitter, want we hebben steun van alle partijen, maar niet van de rechter. En die is heel bepalend", seit Daniël van Drunen fan de organisaasje.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Daniël van Drunen fan de organisaasje fan it festival Eilân
"Na drie jaar voorbereiden met tientallen mensen, is dit heel bitter. We leggen ons niet bij deze uitspraak neer", seit Van Drunen. "Ik had deze droom al drie jaar. Maar goed, de wet is de wet."
Minsken dy't in kaart kocht hienen, krije it jild werom, seit Van Drunen. Alle 5500 kaarten wiene ferkocht.
Neffens Van Drunen komt der foarearst gjin skeaclaim yn de rjochting fan de gemeente. "Dat is in handen van onze verzekeraar. Wij zijn goed verzekerd."

Problemen mei de fergunning

Twa kear hat de gemeente it festival in fergunning ferliend, dy't dêrnei troch de rjochter fan tafel fage is. De earste fergunning hie "de nodige gebreken en omissies", en by de twadde fergunning wie "de belangenafweging ondeugdelijk gemotiveerd".
It festival soe kommende wike by de mar fan Hee holden wurde, yn de buert fan in stiltegebiet mei beskerme bistesoarten. Beswiermakkers fine dat in te swiere belesting foar it gebiet. Se fochten de fergunning oan.

"Ze wilden me zelfs omkopen"

Foarstanners fan it festival soene noch besocht ha om de beswiermakkers om te keapjen. Dat seit Henk Hees, foarsitter fan Stifting Ons Schellingerland, dy't beswier makke tsjin de fergunningen.
"Er stonden vanochtend twee mannen voor mijn deur. Ze boden een significant geldbedrag als wij onze bezwaren zouden laten varen." Hees is der net op yngien. "Het geeft denk ik aan dat de nood bij sommige mensen hoog is."