Wetteroerlêst liedt plysje nei himpkwekerij by boppebuorman

De plysje fan Ljouwert hat in himpkwekerij oprôle mei mear as 380 planten. Dat meldt de plysje. De kwekerij kaam oan it ljocht nei in melding fan wetteroerlêst.
© Politie.nl
De melding kaam sneontemoarn by de plysje binnen. De lekkerij wie yn in wenning oan de Magnoliastrjitte, en kaam fan de twadde etaazje. Dêr blykte de kwekerij te wêzen. De stroom waard yllegaal ôftape.
De plysje hat de saak yn ûndersyk. De planten binne fuorthelle. Der is net ien oanholden.
De ûnderbuorlju binne neffens de plysje tydlik yn in hotel ûnderbrocht.