Leden Nationale Reserve beëdige yn sintrum Ljouwert

07 sep 2019 - 14:21

Op it Saailân yn Ljouwert binne sneontemoarn goed 70 militêren fan it Korps Nationale Reserve beëdige. Sy meitsje diel út fan de 43e Gemechaniseerde Brigade fan Havelte. Dy brigade hat fan âlds in sterke bân mei Ljouwert en Fryslân. Yn gefal fan need kin in berop dien wurde op dizze brigade. Foar it lêst barde dat by de ramp mei de MSC Zoe. Militêren en reservisten ha doe holpen by it opromjen fan it strân fan Skiermûntseach.

Leden fan it Korps Nationale Reserve ha allegear in gewoane baan of stúdzje. Se kinne elk momint oproppen wurde om ynset te wurden. Faak giet it om help by oefeningen fan de Lânmacht of fan it bewaken fan bygelyks in fleanfjild. Bert van Erkel fynt dat ien fan de belangrykste taken. Hy waard sneontemoarn beëdige. "In mijn werk ben ik alle dagen bezig met veiligheid. Nu kan ik wat bijdrage aan vrede en veiligheid. Het zit in m'n hart en nieren."

Hy sjocht himsels net as wykeinmilitêr. Van Erkel: "Nee, het is veel meer dan dat. Wat we doen is belangrijk. Denk aan het bewaken van gebouwen, de inzetbaarheid in geval van nood. Het is veel meer dan dat."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Luitenant-kolonel Wanno Vink is de baas fan it 10e bataljon Nationale Reserve. Hy is bliid mei de nije lichting militêren. "We zien dat de rol fan de Nationale Reserve steeds belangrijker aan het worden is. Ze vullen de gaten op binnen de professionele landmacht. Dat is ontzettend handig." Dêr't de lânmacht it dreech hat mei it finen fan goed en benammen genôch personiel, giet it by de reserves in stik makliker. Vink: "Ja, dat zie je hier wel in het centrum van Leeuwarden. We kunnen er ruim 70 beëdigen en daarmee zijn we aardig op sterkte."

It korps hat bewust keazen foar in beëdiging yn de stêd, om Ljouwerters yn 'e kunde komme te litten mei de reserves. Vink: "Zichtbaarheid is van groot belang voor ons. We willen ook graag laten zien wie we zijn, niet alleen als we ingezet worden."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)