Hûnderten Fiat 500-auto's ride by de alve Fryske stêden del

07 sep 2019 - 13:57

Op camping De Kleine Wielen by Ljouwert stiene sneontemoarn sa'n twahûndert klassike Fiat-auto's fan it type 500 klear om te begjinnen oan in tocht lâns de alve stêden yn Fryslân.

De Fiat 500's binne lytse Italiaanske autootsjes dy't makke waarden tusken 1957 en 1975. Se binne fan leden fan de Fiat 500 Club Nederlân en ride dit wykein de alvestêdetocht. Sneon lizze se de súdlike rûte ôf en snein de noardlike. De dielnimmers komme út hiel Nederlân en út België.

(Advertinsje)
(Advertinsje)