Frijwilligers rispje sied op de Ofslútdyk om fegetaasje te rêden

Om de rike fegetaasje op de Ofslútdyk nei al de wurksumheden fan de kommende jierren werom te krijen, wurdt der no troch frijwilligers sied rispe om oer in pear jier opnij te siedzjen.
Ben Bruinsma © Omrop Fryslân, René Koster
De 'gele hoornpapaver, zeelathyrus, blauwe walstro en gelobde melde': it binne allegear plantsjes dy't je sjogge op de Ofslútdyk. Guon binne sels sa seldsum dat se op de reade list stean. Mar de kommende jierren giet de dyk op de kop en hoe komt it dan mei al dat planteguod?
Ben Bruinsma fan Sint-Anne is der net gerêst op. Yn gearwurking mei de Fryske feriening foar fjildbiology koördinearret hy dêrom foar 'Het Levend Archief' it rispjen fan sied dat oer in pear jier dan werom siedde wurde kin. Yn de hoop dat de fegetaasje fan no, der dan rap opholpen wurde sil.
Twa kear wyks is Bruinsma op 'en paad en meikoarten sil er mei in ploechje sied rispje. Dat alles foar it rêden fan de kwetsbere fegetaasje.
Snein te hearren om 11.00 oere yn ús radioprogramma Buro de Vries.
De seldsume 'gelobde melde' © Omrop Fryslân, René Koster
Ferslachjouwer René Koster gie mei Ben Bruinsma de Ofslútdyk oer