Goed twahûndert Riedsters út fjouwer lannen treffe inoar yn feesttinte Rie

07 sep 2019 - 11:57

Rie belibbet in ynternasjonaal wykein, want it is dizze dagen it plak foar it Riedertreffen dat foar de sechde kear organisearre wurdt. Ynwenners út alle doarpen of gemeenten yn Europa mei de namme Ried komme dan byinoar. It giet njonken de bewenners fan it Fryske doarp Rie ek om Dútsers, Switsers en Eastenrikers.

Goed 200 Riedsters út fjouwer lannen treffen inoar yn feesttinte Ried

Ut it bûtenlân wei binne der sa'n twahûndert Riedsters nei it Fryske Rie kaam. Se waarden dêr ûntfongen yn in feesttinte mei in stamppotbuffet. De kommende dagen wurde se meinaam troch de provinsje hinne. Sa is der ûnder oare in útstapke nei de Ofslútdyk.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It treffen fynt om de fiif jier plak en is foar it earst organisearre yn 1985. Dat waard doe hâlden yn Switserlân. Ien fan de organisatoaren wie W.J. Riemersma fan Rie. Hy wie yn de kunde kaam mei Ernst Meeder fan Eastenryk. Dy wie by in rit troch Fryslân bedarre yn Rie en fûn dat sa nijsgjirrich dat er op syk gie nei oare plakken mei deselde namme.

Njonken Rie yn Fryslân giet it om Ried im Zillertal en Ried in der Riedmark yn Eastenryk, Das Hessische Ried yn Dútslân en Ried bei Kerzers yn Switserlân.

Trefwurden: 
Rie Riedertreffen Riederfest
(Advertinsje)
(Advertinsje)