Kollum: "Joadehaat"

07 sep 2019 - 09:56

"Op 10 febrewaris 1979 barde der wat yn de wrâldskiednis dat oant hjoed-de-dei ta syn aaklike spoaren neilit. It komt net faak foar dat ik nei it lêzen fan in kranteberjocht sawat spuie moat en eins razend lilk bin, mar soms is it echt raak. Sa as dizze wike tiisdei. Op side twa fan De Volkskrant stie it ferhaal fan de Iraanske judoka Saeid Mollaei. Dizze man wie wrâldkampioen en besocht op 28 augustus yn de Japanske haadstêd Tokio syn titel te ferdigenjen. Hy hie der hurd foar traind en it like derop dat er kâns makke, om foar de twadde kear de bêste fan de wrâld te wurden. In sportman om grutsk op te wêzen, ek foar it lân dêr't er weikomt, soenen je tinke. In telefoantsje fan de presidint om him lok te winskjen en sa mear. Sa tinke we hjir.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Yn Iran tinke se wat oars, sûnt 10 febrewaris 1979.

Op datselde toernoai om de wrâldtitel die in oare atleet it ek tige goed. Syn namme: Sagi Muki. Ek dizze sporter wûn alle wedstriden en der bestie in kâns dat hy yn de finale tsjin titelferdigener Saeid Mollaei oantrede soe. In dreamfinale. De bêste twa fan it toernoai yn de einstriid, mei de bêste mar winne. Sa tinke we hjir.

Yn Iran tinke se wat oars, sûnt 10 febrewaris 1979.

Flak foar de partij tsjin in Russyske tsjinstanner krige titelferdigener Mollaei in telefoantsje út Teheran, de haadstêd fan Iran. De geheime tsjinst siet oan de oare kant fan de lijn en easke dat hy him daliks weromlûke moast út it toernoai. As hy dat net die, soenen hy en syn famylje yn grutte problemen komme. Ja, jim hearre it goed. It stiet yn it offisjele ferslach fan wat der dy dei barde. De sporter yn him wegere om him werom te lûken en hy socht kontakt mei de foarsitter fan de Ynternasjonale Judo Federaasje om him te helpen. Dy sei syn stipe ta en Mollaei gie troch. Hy fersloech de Russyske Olympysk kampioen en dêrnei ek noch in Kanadees. Dêrmei pleatste er him foar de heale finale. Doe kaam der wer in telefoantsje út Teheran. De geheime tsjinst siet yntiids al by syn famylje thús. Efkes letter slagge in Iraanske diplomaat deryn om de judohal yn te kommen en de sporter persoanlik sa te yntimidearjen dat er him wol weromlûke moast. Folslein bespotlik en soks soe by ús nea barre, sa tinke wy.

Yn Iran tinke se wat oars, sûnt 10 febrewaris 1979.

Saeid Mollaei ferlear mei opsetsin de heale finale, omdat hy benaud wie dat hy en syn famylje yn grutte problemen komme soenen. Letter ferlear er nochris, ek mei opsetsin. De wedstriid om de brûnzen plak. Dit alles om net mei de winner fan it WK op ien poadium te stean. It ferhaal fertelde er oan Iran International, in yn Londen fêstige opposysjekanaal. Krekt as soe de Iraanske geheime tsjinst dat net folgje.

Sagi Muki waard wrâldkampioen. Sagi Muki is in Joad.

Sûnt ayatollah Khomeini op 10 febrewaris 1979 oan de macht kaam, feroare de ferhâlding tusken Iran en Israël. Wie der earder iuwen gearwurking op militêr, kultureel, sosjaal en ekonomysk mêd, nei 10 febrewaris 1979 regearje de religieuzen yn Iran.

Sport 'verbroedert' net mear. Alteast net yn Iran, as se tsjin Joaden moatte. Ik fyn it spitich foar Saeid Mollaei en Sagi Muki. Earlik sein tink ik dat se it graach yn de finale tsjin elkoar opnimme wollen hienen. Der binne yn dit ferhaal allinnich mar ferliezers. Sels de winner hat ferlern. Fan dwaze lju dy't religy as topsport bedriuwe."

(advertinsje)
(advertinsje)