Skylge akseptearret ferbod op festival, mar tinkt wol nei oer mear juridyske stappen

07 sep 2019 - 14:46

De gemeente Skylge leit him del by de útspraak fan de rjochter, dy't bepaald hat de fergunning foar it dancefestival Eilân ûnterjochte ferliend is, mar neffens wethâlder Sietze Haringa tinkt de gemeente wol nei oer fierdere juridyske stappen.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De gemeente oerwaget in boaiemproseduere oan te spannen. Yn sa'n proseduere nimt de rjochter in definityf beslút. Dêrmei wol de gemeente dúdlik krije wat it betsjut dat de fergunning ôfwiisd is. De organisaasje soe in skeaclaim yntsjinje kinne, en it soe ek konsekwinsjes ha kinne foar oare festivals.

Foar it festival Eilân soe sa'n proseduere net mear útmeitsje. Dat hie no tongersdei begjinne moatten.

Organisaasje ferbjustere

De organisaasje fan Eilân is ferbjustere oer it skorsen fan de omjouwingsfergunning. De gemeente Skylge hie ek net tocht dat der in ferbod komme soe.

Op sosjale media skriuwt de organisaasje gjin wurden te hawwen foar it beslút fan de foarsjenningerjochter. "Tot onze verbijstering heeft de rechter ondanks de aanpassingen de vergunning weer opgeschort. Na drie jaar voorbereidingen, lijkt het ondanks alles niet mogelijk om Eilân door te laten gaan. We moeten ons verdiepen in de motivatie van de rechter voor we inhoudelijk verder kunnen reageren. Rest ons nu om jullie allemaal te bedanken voor het vertrouwen, jullie geduld en wij hebben er verder eigenlijk geen woorden voor."

De festivalorganisaasje is dochs noch hoopfol en komt sneon mei mear ynformaasje oer it al of net definityf ôfblazen fan Eilân. Se sizze ta dat yn dat gefal alle by harren kochte kaartsjes werombetelle wurde. Yn febrewaris wie it dancefestival yn in pear dagen útferkocht, fiiftûzen kaarten fleagen de doar út.

De gemeente Skylge is ferrast en teloarsteld oer it beslút fan de rjochter, seit wethâlder Sietze Haringa. "We waren wel voorbereid op het risico dat er speelde, maar we hadden toch het idee dat er een hele goede voorbereiding was geweest, goede dossiervorming en argumentatie. We hebben hard gewerkt met heel veel mensen om dat goed en evenwichtig op een rijtje te zetten. Ja, dan is het altijd wel een teleurstelling als het dan toch niet uitpakt, zoals je in je besluit had gedacht."

De rjochter wie der lykwols net fan ûnder de yndruk en kaam ta de konklúzje dat der in soad gebrekken oan de troch de gemeente ferliende omjouwingsfergunning sieten. Hy gie benammen yn op de stikstofproblematyk en dat it festival foar negative effekten soargje kin foar it natuergebiet op Skylge.

Wethâlder Haringa is benaud dat it beslút fan de rjochter yn de takomst ek gefolgen ha kin foar oare festivals op it eilân. "Je moet je toch gaan afvragen hoe we daar met verdere activiteiten en festivals mee om moeten gaan. We moeten het én op tijd én supergoed gaan organiseren. En dan nog loop je dit soort risico's."

Wethâlder Sietze Haringa fan de gemeente Skylge

Trefwurden: 
festival Skylge eilân
(advertinsje)
(advertinsje)