Musea pakke takom jier út mei wurk fan keunstskilder Jan Mankes

07 sep 2019 - 08:43

Ferskate musea pakke takom jier út mei wurk fan Jan Mankes. It is dan hûndert jier lyn dat de keunstskilder ferstoar. Sa komt Museum Belvédère yn Oranjewâld mei in útstalling oer 'Jan Mankes en de bisten', ien fan syn haadtema's.

Museum MORE - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Museum MORE foar modern realisme yn it Gelderske Gorssel claimt de grutste Mankes-kolleksje yn besit te hawwen en ek sy komme takom jier mei in Jan Mankes-útstalling. In folseine seal wurdt dêr foar ynrjochte, wêrby't de klam lizze sil op syn Gelderske perioade. Direkteur fan it museum en Fries om utens Ype Koopmans makke dat bekend yn in reportaazje dy't snein útstjoerd wurdt yn it radioprogramma Buro de Vries.

Ype Koopmans, de Fryske direkteur fan Museum MORE - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Mankes (1889-1920) wenne seis jier mei syn âlden, heit wie in Fries en mem Drintsk, yn buorskip It Mar by It Hearrenfean en der wurdt oannaam dat hy dêr syn leafde foar de natuer ûntwikkele. De keunstskilder wenne letter yn Den Haag, mar ferhuze nei de Feluwe fanwege syn swakke sûnens. Hy ferstoar op 23 april 1920 yn Eerbeek oan tuberkuloaze, noch mar 30 jier âld.

Snein 9 september stjoert Buro de Vries in wiidweidich petear út mei Ype Koopmans oer syn wurk as museumdirekteur fan MORE yn Gorssel.

Direkteur Ype Koopmans fan Museum MORE

(Advertinsje)
(Advertinsje)