Inez Timmer ronde fierder yn The Voice Senior

06 sep 2019 - 22:40

Aktrise en sjongeres Inez Timmer (64) út Weidum is freedtejûn troch de Blind Auditions fan The Voice Senior kaam. Sjueryleden Ilse de Lange en Angela Groothuizen fan de RTL4-talintejacht foar 60-plussers draaiden harren stoel foar Timmer, dy't it nûmer You Needed Me fan Anne Murray song.

Inez Timmer - Foto: Eigen foto

Fan de fjouwer sjueryleden draaide De Lange as earste om, healweis it nûmer. "Je stem is zo ongelooflijk mooi, echt fantastisch!", sei se nei ôfrin tsjin Timmer. Groothuizen drukte op it lêste nipperke op de knop en wie tige bliid mei har beslissing. "Je bent een prachtige verschijning, met een heel mooie zangstem en een heel mooie spreekstem", komplimintearre se Timmer.

De oare twa leden fan de sjuery, Marco Borsato en Frans Bauer wiene wat minder entûsjast. "Je had zoveel rust, dat ik ietsje meer spanning wilde hebben", sei Borsato. Bauer wie it dêr mei iens. "Het kabbelde een beetje door, ik voelde het net niet."

Uteinlik makke dat fierders neat út, want Timmer wie dochs al troch nei de folgjende ronde. As coach hat se Groothuizen keazen. Timmer wie sa út de skroeven, dat se presintator Martijn Krabbé in dikke tút op de mûle joech.

(Advertinsje)
(Advertinsje)