Rjochter ferbiedt festival Eilân op Skylge

06 sep 2019 - 21:00

It festival Eilân op Skylge mei net trochgean. Dat hat de rjochter freed bepaald. De stichting Ons Schellingerland hie de saak foar de twadde kear oan de rjochter foarlein, omdat se it festival keare woene. De rjochter konkludearret dat de omjouwingsfergunning fan de gemeente terjochte oanfochten is en hat dizze skorst.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Eilân soe kommende wike by de mar fan Hee holden wurde, yn de buert fan in stiltegebiet mei beskerme bistesoarten. It festival soe neffens de beswiermakkers in te swiere belesting wêze foar it gebiet. Neffens de rjochter hat de gemeente de "belangenafweging ondeugdelijk gemotiveerd". De rjochter komt ta de konklúzje dat oan de beslútfoarming oer de omjouwingsfergunning "de nodige gebreken en omissies kleven, zodat schorsing van de omgevingsvergunning is aangewezen."

Ferkearde rekkenmetoade

Ek de ferpleatsing fan ien fan de podia, in oplossing fan de organisaasje om it festival dochs mooglik te meitsjen, wurdt fan tafel fage. Neffens de rjochter wurdt net oantoand dat dy ferpleatsing gjin fersteuring opsmyt foar de natuer. Datselde jildt ek foar de útstjit fan stikstof. Dêr is neffens de foarsjenningerjochter in ferkearde rekkenmetoade foar brûkt. De effekten fan de útstjit fan stikstof binne dêrtroch net goed yn kaart brocht. Sa wurdt dus net dúdlik wat de skea oan de natuer is.

Tongersdei joech foarsitter Henk Hees fan de stichting al oan nei de rjochter te stappen, as it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Skylge in omjouwingsfergunning ôfjaan soe. Dat barde tongersdeitejûn let, nei yngreven oerlis mei de belutsenen en in ekstra riedsgearkomste.

De folsleine útspraak fan de rjochter is hjir nei te lêzen.

Trefwurden: 
festival Skylge rjochter eilân
(Advertinsje)
(Advertinsje)