FIDEO: Hichtepunten fan ‘Night of the Praams’

07 sep 2019 - 20:33

Dokkum stiet dit wykein wer yn it teken fan de Admiraliteitsdagen. Op freedtejûn is tradisjoneel de Night of the Praams op it poadium by De Zijl. Mei dizze kear optredens fan ûnder oare Jan Dulles, Ellen ten Damme en Robin Slutter.

Besjoch hjirûnder in kompilaasje fan de jûn, dy't Omrop Fryslân makke yn gearwurking mei streekomrop RTV NOF.

De kommende dagen binne de Admiraliteitsdagen ek live te sjen op de webside en app fan Omrop Fryslân. Mei op sneontejûn fan 20.45 oere ôf muzyk fan ûnder oare Racoon. En op snein fan 9.45 oere ôf in tsjerketsjinst en oanslutend in konsert fan de kristlike muzykgroep Sela.

(Advertinsje)
(Advertinsje)