Takomst húsdokters: "Minder administraasje en mear pasjint"

06 sep 2019 - 19:53

Minder administraasje en mear pasjint. Dat is neffens de Fryske Húsdoktersferiening de oplossing foar it tekoart yn Fryslân. De nije Ljouwerter húsdokterspraktyk medTzorg, dy't oer in pear wike iepengiet en in folslein nije wurkwize hat, besiket de administraasje op in oare manier te dwaan. Mar it tekoart is dêrmei noch lang net oplost, seit Bart Maats fan de Fryske Húsdoktersferiening.

Bart Maats fan de húsdoktersferiening - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Laat ik mijn eigen praktijk als voorbeeld nemen", sa begjint Maats syn ferhaal. "Hier in Gorredijk hebben we zes huisartsen en zeven assistentes aan het werk. Samen kun je veel werk opnemen, dus is het handiger dat je ook groter bent. Je kunt zo het werk verdelen en de administratie uitbesteden aan een groep die daarvoor geleerd heeft. De dokter leert niet voor de administratie en heeft daar ook geen zin in. Dat is zijn vakgebied ook niet. Laat dat door andere mensen doen. Zo houdt de dokter tijd over voor de patiënt."

Gewoan dokter wêze

Gjin gedoch mei administraasje, mar gewoan dokter wêze. Dat wolle jonge húsdokters neffens Maats. Mar yn de hjoeddeistige praktiken is dat wol dreech. "Je moet misschien meer gaan samenwerken in de praktijken. Het is niet meer van deze tijd om een eigen praktijkje in een dorp te hebben, maar ga wat breder kijken. Er is landelijk een groot huisartsentekort. Als je ze wilt verleiden om naar jouw praktijk te komen, zul je moeten zorgen dat je genoeg te bieden hebt. Denk bijvoorbeeld aan een brede opleiding of opvang voor de kinderen."

Hege wurkdruk

Yn in ûndersyk fan Nivel, it Nederlânske ynstitút foar ûndersyk fan de sûnenssoarch, jout 93 persint fan de Fryske húsdokters oan in hege wurkdruk te ûnderfinen. Dêrom hat de húsdoktersferiening sûnt 2012 drok dwaande west mei gearwurkingen op te setten tusken praktiken en dat docht fertuten.

We willen ervoor zorgen dat je als huisarts niet als individu werkt, maar als groep.

Bart Maats, Fryske Húsdokterferiening

It is no folle makliker om in praktyk oer te nimmen as tsien jier lyn, seit Maats. "Het is niet meer zo dat je een sleutel krijgt en je jezelf moet redden. Inmiddels wordt de helft van de Friese huisartsen ondersteund door praktijkmanagers. We willen ervoor zorgen dat je als huisarts niet als individu werkt, maar als groep. Dan kan een gedeelte van de groep de administratieve kosten overnemen en hoeft de dokter dat niet meer te doen."

MedTzorg yn Ljouwert

In foarbyld dêrfan is de nije praktyk yn Ljouwert, dy't oer in pear wike iepengiet. De praktyk is fan de organisaasje medTzorg út Utrecht en se nimme alle administrative taken oer fan de trije húsdokters dy't dêr wurkje sille.

Direkteur Frank Diepersloot: "De dokters zijn hier in Leeuwarden aan het werk met de patiënten. Na afloop vullen ze natuurlijk nog wel een aantal gegevens in, maar de echte grote administratieve werkzaamheden doen 'we' in Utrecht. Daar zit een team van deskundigen en werknemers die ervoor geleerd hebben. De dokter speelt zo de verzekeringen en dergelijke door en kan dan zelf om de patiënt denken. Ze kunnen zich richten op dokter zijn en hoeven zich niet te bemoeien met zaken die ze niet willen doen, zoals de verzekeringen invullen."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Frank Diepersloot oer MedTzorg

"De jonge dokter van nu wil geen eigen praktijk meer overnemen, omdat het veel werk met zich meebrengt", jout Diepersloot oan. "Het is een administratieve rompslomp die eigenlijk niet meer te bewerken is. Veertig procent van de activiteiten van de huisarts bestaat uit het invullen van bureaucratische rapporten, verslagen en noem maar op. Jonge dokters willen dit liever niet, waardoor ze kiezen om in grotere praktijken te werken, waar ze geen aandacht hoeven te besteden aan de administraties van het pand."

It iennige dat Diepersloot en Maats no noch yn de wei stiet is it tal húsdokters dat nei Fryslân komt yn de takomst. Yn it ûndersyk fan Nivel is de ferwachting dat der oer tsien jier tweintich fte's (ien fte stiet foar in folsleine wurkwike; red.) minder binne as no. Dat wylst de fraach nei soarch mei hast tweintich persint groeie sil.

'11huisartsen'

De Húsdoktersferiening hat dêrom de kampanje '11huisartsen' opset om yn kaart te bringen wêr't húsdokters nedich binne yn Fryslân. "Sinds juli 2019 hebben zich 26 zoekende huisartsen gemeld, 37 vacatures hebben we in kaart gebracht en daarvan zijn 18 opgevuld", seit Maats.

Ek Diepersloot is dwaande mei de takomst. Syn bedriuw wol him de kommende jierren útspriede oer lytsere praktiken, ek yn Fryslân.

Trefwurden: 
Ljouwert húsdokter MedTzorg
(Advertinsje)
(Advertinsje)